Belestingkontrôle op de A6

26 apr 2014 - 14:26

De plysje en de belêstingtsjinst hawwe freed by in kontrôle op de A6 beslach lein op tritich auto's. Ek waard 152.000 euro oan iepensteande boetes ophelle.

Fjouwer fan de tritich auto's binne direkt ôffierd, de oare binne weromjûn neidat de eigeners de schulden betelle hienen. Yn totaal binne 52 auto's kontrolearre.

Fierder hat de plysje noch fjouwer automobilisten bekeurd om't se harren rydbewiis net sjen litte koenen. Fierder is ien bestjoerder trappearre dy't ûnder ynfloed efter it stjoer siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)