Ferskate reeën oanriden

© ANP
Ferskate automobilisten hawwe de ôfrûne dagen in botsing mei in ree hân. Dat fûn rûnom yn de provinsje plak. Op de Wâldwei wie it twa kear raak, yn de omjouwing fan Snits sels fiif kear. De plysje wârskoget automobilisten op Twitter dat se alert wêze moatte.
Boppedat stean lâns ferskate diken buordsjes om minsken te warskôgjen foar oerstekkende reeën.