Fryslân fiert Keningsdei

26 apr 2014 - 12:11
  • Keningsdei ferline jier
  • Keningsdei yn 'e Prinsetún
  • Rommelmerk op it Gouverneursplein yn Ljouwert

Rûnom yn de provinsje wurdt sneon de earste Keningsdei fierd. Yn doarpen en stêden binne frijmerken en muzykeveneminten. Yn Ljouwert is sneontemoarn wer úteinset mei de tradisjonele frijmerk.

Dizze grutte rommelmerk lûkt alle jierren in soad besikers nei de stêd. Neffens de merkmaster fan Ljouwert wurde der sneon sa'n 80.000 oant 100.000 minsken ferwachte

Keningsdei is offisjeel op 27 april, mar omdat it dit jier op in snein falt, is it feest in dei earder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)