Jild Waadfûns foar garnalen

26 apr 2014 - 10:40

It Waadfûns stekt hast fjouwer ton subsydzje yn de ûntwikkeling fan in skiedingsynstallaasje foar garnalen. Doel is dat dêrmei grize en reade garnalen útelkoar helle wurde.

Dat bart oan 'e wâl om foar te kommen dat der tefolle wurk op it fiskersskip sels dien wurde moat. Bykommend foardiel fan de ynstallaasje is dat reade garnalen better ferkocht wurde kinne. Dy wurde no noch as byfangst sjoen. De ûntwikkeling fan de skiedingsynstallaasje kostet hast in miljoen.

Trefwurden: 
subsydzje Waadfûns garnalen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)