Lichem fermiste frou fûn

Tetje van der Veer út Snits fermist © Plysje Noard-Nederlân
It lichem fan de fermiste Tetje van der Veer (48) út Snits is freedtemiddei yn de Swette by Skearnegoutum fûn. In foarbygonger seach wat yn it wetter lizzen en wârskoge de plysje. Ut ûndersyk die bliken dat it om Tetje van der Veer gong.
De plysje giet út fan in ûngelok. Van der Veer wie sûnt goed in oardel wike fermist. Se wie rinnend fan hûs gong, sûnder har bril.