Frachtwein rydt fytstunnel yn

26 apr 2014 - 07:32
  • De tankwein rekke krekt net in keunstwurk

In frachtwein mei tûzenen liters molke is yn de nacht fan freed op sneon yn de fytstunnel op it Oostergoplein yn Ljouwert bedarre. De sjauffeur wie krekt foar de krusing yn sliep fallen en is dêrom streekrjocht fan it fiadukt ôfriden. Der rekke nimmen ferwûne.

De achterkant fan de frachtwein stie omheech tsjin de tunnel. In part fan de molke en de disel is it rioel yn streamd. De rêst fan de molke is oerpompt yn in lege frachtwein. Dêrnei koe de wein optakele wurde. De tunnel rekke swier skansearre en is ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)