Definsje knapt boarterstún op

© Raymond Pel
Militêren hawwe freedtemiddei de âldste boarterstún fan Fryslân opknapt. Yn it ramt fan it 200-jierrich bestean fan de lânmacht waard boarterstún Gerard Dou yn Ljouwert oanpakt. De boarterstún is ien fan de 200 projekten yn Nederlân dêr't militêren de ôfrûne wike aktyf wienen. Se dienen dat yn gearwurking mei Radio Veronica. It bestjoer seit dat de boarterstún der no wer fantastysk útsjocht.