Makette fan bunker Koehoal

25 apr 2014 - 19:57

In spesjale makette yn de bunker fan Koehoal, by Tsjummearum, moat sjen litte hoe't de omjouwing der yn de jierren fjirtich útseach. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne in soad gebouwen en kanonnen om de bunker hinne ferdwûn, wêrtroch no net mear dúdlik opfalt dat it ea in grut ferdigeningswurk wie. Freed waard de makette ûntbleate. Hy is op 3 en 4 maaie te besjen, as de bunker iepen dagen hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)