Bouwmeester net mear oan kop

25 apr 2014 - 19:33

Sylster Marit Bouwmeester giet net mear oan kop by it wrâldbekersilen yn Hyères. Troch freed op it njoggentjinde en fjirde plak te einigjen, sakke de ynwenster fan Warten yn it klassemint nei it tredde plak. Sneon is de ôfslutende medaljerace foar de sylster yn de Laser Radial. De Wyt-Russise Tatiana Drozdovskaya is de nije liedster mei 36 punten, Evi van Ackter is twadde mei 39 punten, Marit Bouwmeester hat 41 punten. By de medaljerace sile de bêste tsien fan it klassemint en telle de punten dûbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)