Better resultaat Afvalsturing

25 apr 2014 - 18:29

Offalferwurker Afvalsturing Friesland hat ferline jier twa kear safolle fertsjinne as yn it jier dêrfoar. It netto resultaat gie fan ien miljoen yn 2012 nei twa miljoen yn 2013. De stiging komt benammen omdat Afvalsturing mear oan syn ôffal fertsjinne hat. Sa koe der mear plestik úthelle wurde en smiet it ferbrânen fan it ôffal mear enerzjy op. It bedrach dat gemeenten foar it ferwurkjen fan it ôffal betelje moasten gie ferline jier nei ûnderen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)