Webcam Omrop op Achmeatoer

25 apr 2014 - 17:36

De kommende wiken stiet der boppe-op de Achmeatoer yn Ljouwert in webcam fan Omrop Fryslân. De webcam jout in moai oersjoch fan Ljouwert oer 180 graden. Sa is mei Keningsdei en befrijdingsdei moai te sjen hoe drok it is yn de stêd.

De kamera stiet boppe-op de 114 meter-hege Achmeatoer, it heechste gebou fan Noard-Nederlân. It gebou telt 26 ferdjippingen en is in ûntwerp fan de Fryske architecten Abe Bonnema en Jan van der Leij fan Bonnema architecten út Hurdegaryp.

De Achmeatoer wurdt ien kear yn de twa wike op sneon iepensteld foar it publyk. De besikers kinne dan genietsje fan it útsjoch oer Ljouwert en wide omkriten. De kommende wiken kin dit útsjoch ek thús besjoen wurde. It is foar it earst dat der foar langere tiid in webcam op de Achmeatoer hinget. De bylden binne fan no ôf te sjen op www.omroplive.nl. Fan nije wike tiisdei ôf sille de bylden ek oerdei op Omrop Fryslân Televyzje te sjen wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)