Van Basten feroaret neat

Hearrenfeantrainer Marco van Basten feroaret neat oan syn opstelling foar de wedstriid tsjin FC Utrecht. "De kans is groot dat ik niks verander", sa sei Van Basten. Nei de oerwinning op PSV, wûn Hearrenfean ek fan Go Ahead Eagles en sadwaande sjocht de coach gjin reden om wat te feroarjen. Dat betsjut dat Hakim Ziyech wer op de bank begjint.
It iennichste fraachteken is Daley Sinkgraven. De oanfaller hat lêst fan syn ankel, mar hat freed al wol wer meispile.
Hearrenfean is al pleatst foar de play-offs foar Europeesk fuotbal, mar hat ek noch kâns op streekrjochte pleatsing. It gat mei nûmer fiif PSV is twa punten, nûmer fjouwer Vitesse hat trije punten mear. Nûmer fjouwer pleatst him fuortendaliks foar Europeesk fuotbal.
Stân:
4 Vitesse 32-54 (+17)
5 PSV 32-53 (+12)
6 Hearrenfean 32-51 (+15)
Kompetysjeskema:
Hearrenfean-Utrecht
RKC-Hearrenfean
Vitesse-Go Ahead Eagles
Utrecht-Vitesse
PEC Zwolle-PSV
PSV-NAC Breda