Suvelfabryk hat minsken nedich

25 apr 2014 - 15:42

Suvelopliedings yn Ljouwert leverje de kommende jierren nochris 70 minsken oan suvelbedriuw Ausnutria Hyproca. It giet foaral om analisten. It suvelbedriuw bout op dit stuit in nij fabryk op It Hearrenfean. Oer it oplieden fan de minsken binne ôfspraken makke dy't freed tekene binne op it Nordwin College yn Ljouwert.

De oplieding MBO Life Sciences dêr wurket gear mei it heger beropsûnderwiis en it Friesland College om foar de oplieding te soargjen. Dêrby wurde ek minsken dy't no wurkleas thús sitte, oplaat.

Ek de gemeenten Ljouwert en it Hearrenfean binne hjirby belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)