Blog: Antonius sikehûs Snits soarchpartner fan SONS 2014

© Omrop Fryslân
'We ha fuortendaliks oanjûn dat wy de medyske soarch op ús nimme wolle foar dit evenemint. Dat past hielendal by ús', sa seit Gerlof van der Werf fan it Antonius sikehûs yn Snits. 'Wy fine dat we as sikehûs folle mear as soarchpartner bûten de muorren te sjen wêze moatte. En de Special Olympics binne dêr in moai foarbyld fan.'
It sikehûs komt eins op it terrein fan de Special Olympics. Op it Starteilân komt in post, en der komme twa posten op Schuttersveld. Dit jier kinne foar it earst G-sporters meidwan oan wettersporten by de Special Olympics. Antonius hat ek noch de beskikking oer twa saneamde wetterambulânses, dy't ek ynset wurde kinne. Sikenhûs de Tjongerschans nimt de soarch op him by it Abe Lenstrastadion en is de twadde soarchpartner fan de Special Olympcis.