Aris ferliest earste play off

25 apr 2014 - 11:56

De Ljouwerter basketballers fan Aris ha tongersdeitejûn de earste play-offwedstriid swier ferlern fan Den Bosch. Yn de Maaspoort waard it team fan trainer Tom Simpson mei 110-63 oan 'e kant setten. Aris wie alle fjouwer kwarten de mindere fan Den Bosch, by rêst wie der al in stân fan 67-33.

Kommende sneintemiddei is de return yn Ljouwert. Yn de play-offs giet it om de "best of three", dus as Aris snein wer ferliest is de neikompetysje, en it seizoen, foar de Ljouwerters foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)