Peallen Ruterskertier fuort
De gemeente Ljouwert hellet takom wike de peallen yn de dyk op it Ruterskertier fuort. Se wurde ferfongen troch kamera's. De wurksumheden duorje twa wiken.
De ôfrûne jierren hawwe der in soad ûngelokken mei de peallen west. Benammen automobilisten dy't tochten noch efkes efter de bus oan ride te kinnen, rekken fêst op de peallen.