De Falom: jonkje ûnder de auto
In 7-jierrich jonkje út De Falom is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok. It slachtofferke stie tusken parkearde auto's op de Mûnewei yn syn wenplak en rûn ûnferwachts de dyk op.
In automobilist (18) út Broeksterwâld koe de jonge net mear ûntwike. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs ta brocht.