Plysje pakt brânstofdieven

25 apr 2014 - 10:54

Twa brânstofdieven binne yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt op de Stellingenwei by Wolvegea. De fertochten, in man út Utert (20) en in man út Enschede (32) hienen lâns de A7 by Nuis tankt en wienen sûnder te beteljen útnaaid. Doe't de plysje de auto op de A32 seach, is de achterfolging ynset.

De manlju binne lang om let by Wolvegea oan de kant set. Se sitte noch fêst. De auto wie net fersekere en is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)