Wikseltrúk-slachtoffers socht

25 apr 2014 - 10:39

De plysje siket slachtoffers fan wikseltrúks yn Fryslân. Twa wike lyn is yn Assen in Roemeenske frou (43) oppakt doe't se mei in saneamde 'babbeltrúk' besocht om minsken om 'e tún te lieden. De plysje tinkt dat de fertochte ek yn Boalsert, It Hearrenfean, Grou, Drachten, Beetstersweach, Snits en Wommels aktyf west hat. De frou hat ûnder oare yn winkels sein dat se net genôch wikseljild werom krige.

De fertochte is in lyts wyfke mei swart hier en twa gouden tosken. Wa't ek slachtoffer wurden is, kin him melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)