GPTV nimt Mercurius oer

25 apr 2014 - 09:38
  • Mercurius nimt GPTV oer

De Ljouwerter lokale omrop Mercurius giet fierder as ûnderdiel fan GPTV. Mercurius sil by GPTV ynlûke op it Blokhuisplein. De frijwilligers fan Mercurius krije op GPTV in regionaal platfoarm foar Ljouwerter tv-programma's en tv-reportaazjes. It inisjatyf foar de gearwurking komt by Mercurius wei. De Ljouwerter omrop socht kontakt mei GPTV doe't dúdlik waard dat de nije omrop LEO de lisinsje foar de gemeente Ljouwert krije soe.

It nije GPTV hat foarearst noch gjin plannen om radio te meitsjen, mar stiet wol iepen foar inisjativen op dat mêd.

It stichtingsbestjoer fan Omroep Mercurius wurdt mei yngong fan 1 maaie foarme troch de direksje fan GPTV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)