Fiifde wrâldtitel Sven Kramer

19 feb 2012 - 17:08

Sven Kramer is foar de fiifde kear yn syn karriêre de bêste reedrider fan de wrâld. Yn Moskou makke de Feanster dien wurk op de 10 km. De rit tsjin syn ploechmaat en konkurrint Jan Blokhuijsen wie goed en moai. Kramer wreide syn foarsprong yn it klassemint yn de lêste rûntsjes noch wat mear út en wûn de 10 km yn 13.08.76, tsjin de 13.12.31 fan Blokhuijsen.

Koen Verweij kleure it poadium hielendal oranje. Mei syn fiifde plak op de 10 km yn 13.17.31 bleau hy Havard Bokko krekt foar.

Bokko waard fjirde en de ôftredend kampioen Ivan Skobrev fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)