Frysk damjen ynternasjonaal

24 apr 2014 - 21:39

It Frysk damjen kin it ynternasjonale spul folle útdaagjender meitsje. Dat is de ynskatting dy't grutmasters fan oer de hiele wrâld meitsje. Sy binne dit wykein yn Frjentsjer foar in grutmastertoernoai Frysk damjen en binne tige entûsjast oer it spul. By gewoan damjen meie je allinne skean slaan, mar yn de Fryske fariant kin ek rjochtút en oerdwers slein wurde. Dat makket it folle dreger.

De organisaasje fan it toernoai wol yn 2018 in Wrâldkampioenskip Frysk damjen organisearje yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd.

Trefwurden: 
WK Frysk damjen grutmasters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)