Bouwmeester en Postma op ien

24 apr 2014 - 19:09
  • Marit Bouwmeester
  • Pieter-Jan Postma

Pieter-Jan Postma bliuwt ek nei de fjirde dei fan it wrâldbekersilen yn Hyères oan de lieding. De Finnsiler hie wol in minne sânde race. Hy waard 57e en dat is no syn ôflûkresultaat. Yn de achtste race waard er sechsde. Postma hat in foarsprong fan 17 punten op de Frânsman Thomas Le Breton. Marit Bouwmeester kaam foar it earst oan de lieding yn de Laser Radial, mar de grutte striid mei Evi van Acker fan België bliuwt.

Bouwmeester waard 30e (har ôflûker) en twadde. Van Acker 23e (skrasresultaat) en achtste. It ferskil is no fjouwer punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)