Cambuur hellet Marcel Keizer

SC Cambuur hat in nije technysk manager. It is de 45-jierrige Marcel Keizer. Keizer is in âlde bekende fan Cambuur. As fuotballer kaam hy tusken 1989 en 1998 wol 282 kear út foar de klup. Yn dy tiid makke hy 34 doelpunten.
De ôfrûne twa jier wie Keizer haadtrener by Telstar. Keizer begjint yn it nije seizoen by de Ljouwerter earedivyzjeklup. Hy hat Cambuur in kontrakt tekene foar twa seizoenen.