NHL/Stenden: Soad ynskriuwings

It tal ynskriuwings by NHL Hegeskoalle yn Ljouwert is 90% heger as ferline jier om dizze tiid. Al 2305 nije studinten hawwe harren oanmeld by de NHL. Ferline jier om dizze tiid wiene dat der 1153. It tal oanmeldings by Stenden is ek heger. By Stenden hawwe har sechtjin persint mear nije studinten oanmeld.
Neffens Stenden komt dat trochdat studinten dit jier eins al foar 1 maaie in kar meitsje moatte. Oare jierren wie dat altyd ein augustus. Hegeskoallen en universiteiten wolle de oanmeldings no earder hawwe.
Dan is der noch tiid om tegearre mei de nije studint te besjen oft se ek echt de goeie stúdzje keazen hawwe. Der is dan noch tiid om eventueel fan stúdzje te feroarjen.