Himpplantaazje yn Appelskea

24 apr 2014 - 14:50

Yn Appelskea is tongersdeitemoarn in himpplantaazje fûn boppe in leechsteand bedriuwspân oan de Feart ZuidZijde. Nei in tip op Meld Misdaad Anoniem trof de plysje 300 planten yn de wenromte oan. De stroom wie yllegaal ôftape.

De eigener fan it gebou is yn earste ynstansje oanhâlden, mar neffens him hie hy de romte yntusken ferhierd oan in oar. De plysje is noch op syk nei dizze man.

Trefwurden: 
himp himpplantaazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)