VVD wol nijbou Thialf

© Martin de Jong
De VVD trúnt derby it kolleezje fan deputearre steaten op oan om in nij Thialf te bouwen by it Abe Lenstrastadion. Dat soe de bêste kânsen biede as Fryslân in liedende rol spylje wol yn de reedrydsport. De partij stelt as betingst dat net letter as septimber dit jier dúdlikheid wêze moat oer saken lykas berikberheid en stipe fan it ryk. Neffens de VVD sil it dreech wurde om jild te krijen foar farianten op de âlde lokaasje. Woansdei stiet Thialf op de aginda yn de steaten. Neist nijbou is ek it opknappen fan de hjoeddeistige iishal in opsje.