Kampanje oer nije soarchwet

De Friesland Soarchfersekerder en de Fryske gemeenten komme mei in grutte publykskampanje oer de gefolgen fan de nije soarchwet. De Twadde Keamer stimt nei alle gedachten tongersdei mei de nije wet yn. Dy giet yn op 1 jannewaris 2015. De wet betsjut dat in soad taken fan it Ryk gean oergeane nei de gemeenten.
Neffens wethâlder Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân binne der goeie ôfspraken makke en is de soarch oan minsken dy't dat nedich hawwe ek garandearre.
Der binne noch de nedige beswieren tsjin de nije wet. Gemeenten soene net klear wêze foar de ynfiering. Soarchfersekerder de Friesland tinkt dat dat wol tafalt en wol dat der no knopen trochhakt wurde troch de politisy. Dat fynt wethâlder Tolsma ek.