Freonen teloarsteld oer namme

24 apr 2014 - 12:20
  • De Tsjûkemar, ien fan de Fryske Marren

De Stifting 'Vrienden van De Friese Meren' is swier teloarsteld yn it beslút fan de gemeenteried, no't dy keazen hat foar De Fryske Marren as nije namme. De stifting hat him hieltyd ynset foar de Nederlânske fariant De Friese Meren.

De gemeente hat oanjûn dat de operaasje om de namme yn te fieren net mear as 200.000 euro kostje sil. Neffens foarsitter Frits Wind fan de stifting kin dit net. De stifting sil gjin beswier yntsjinje tsjin it beslút, mar sil de gemeente kritysk folgje wat de kosten oanbelanget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)