Motorrider giet ûnderút

© ANP XTRA
In 52-jierrige motorrider út Gaast en syn 54-jierrige passazjier út Spaarndam binne woansdeitemiddei ferwûne by in ûngelok yn Boalsert. De bestjoerder gie troch de rein ûnderút by it krúspunt op de Westergoawei mei de Harnzertstrjitte.
De man remme, omdat it ferkearsljocht op oranje gie. Nei alle gedachten remme er te hurd wêrtroch de motor fuortglide. De motorrider rekke ferwûne oan 'e hannen, de frou dy't achterop siet hie ferwûnings oan de holle. Sy moast mei de ambulânse nei it sikehûs.