Sûner iten yn sportkantines

24 apr 2014 - 11:04

Sport Fryslân begjint mei in proef om it iten yn sportkantines sûner te meitsjen. It oanbod bestiet no faak út patat, broadsje kroket en chips. Sport Fryslân siket tsien sportferienings yn Fryslân dy't meidwaan wolle oan de proef.

Sy krije ûnder oaren advys oer sûner iten yn de kantine. Neffens Sport Fryslân hoecht dat net in soad muoite en tiid te kostjen. It kin bygelyks begjinne mei tosty fan brune yn stee fan wite bôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)