Technykdei foar famkes

24 apr 2014 - 07:13

Om famkes te ynteressearjen foar de technyk, is der tongersdei in lanlike Girlsday. Famkes fan 10 oant 15 jier kinne op in grut tal bedriuwen en skoallen yn it lân ûnderfine wat technyk har te bieden hat. Girlsday is in inisjatyf fan VHTO, in lanlik buro foar famkes en froulju en technyk.

Yn Fryslân docht it Friesland College mei, ûnderdiel skoalle foar technyk en technology. Dêr komme goed 60 famkes út de earste klas fan skoalmienskip Piter Jelles, De Dyk. Se sjogge by ferskate opliedings en sille ek nei it akwadukt yn oanbou by Ritsumasyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)