Postma pakt lieding yn Hyères

23 apr 2014 - 19:08

Siler Pieter-Jan Postma hat op de tredde dei fan de wrâldbeker sylwike yn Hyères de lieding pakt yn de Finnklasse. Postma wûn woansdei beide races en pakte dêrtroch it earste plak. Hy hat in foarsprong fan 18 punten op de Amerikaan Caleb Paine. Yn de Laser Radial striidt Marit Bouwmeester tsjin de Belgise Evi van Acker. Bouwmeester waard woansdei yn de sechsde race tredde en dêrnei twadde. Van Acker die it krekt oarsom: twadde en tredde. It ferskil tusken de Friezinne en de Belgise bliuwt sadwaande twa punten yn it foardiel fan Van Acker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)