Wjerljocht neist boat mei bern
Op de Jiskenhústerfeart by Jiskenhuzen is woansdeitemiddei de wjerljocht ynslein neist in sylboat mei fiif bern deryn. Nei't ien fan de bern 112 belle hie, waard der grut alarm slein en wiene fjouwer ambulânses en in traumahelikopter gau te plak. Fjouwer fan de fiif opfarrenden binne út foarsoarch nei it sikehûs brocht.