Nominaasjes Tamminga priis

23 apr 2014 - 17:33

Skriuwers Ale S. van Zandbergen, Klaas Rusticus en Sipke de Schiffart binne nominearre foar de earste Douwe Tamminga priis. Dit is in nije literêre priis foar debutanten. Dêrmei moatte jongere skriuwers oanmoedige wurde om proaza en poëzij yn it Frysk te skriuwen. It soe ek in ympuls foar de ferkeap fan Fryske boeken wêze.

De nominearren binne woansdei op Omrop Fryslân radio bekend makke. De priis is yn it libben roppen troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, ûnderdiel fan Tresoar.

It prizejild, 3000 euro, komt út de neilittenskip fan Douwe Tamminga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)