Fjoertoer Skier wer yn gebrûk

23 apr 2014 - 17:25

De ferkearslieders binne woansdei weromgien nei de fjoertoer fan Skiermûntseach. Se moasten tydlik yn in keet yn de dunen wurkje, om't de toer opknapt wurdt. It wurk oan de binnenkant is klear, de bûtenkant noch net.

De ferkearliedingsgpost wie tidens de ferhuzing in pear oeren net berikber, mar dêrnei wie alles wer sa't it wêze moast. Foar de drokke simmermoannen sitte de minsken wer op it fertroude plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)