Gjin sloopgala yn De Lawei

23 apr 2014 - 17:16
  • De Lawei yn Drachten

It sloopgala dat Teater de Lawei yn Drachten op 6 maaie hâlde soe, giet net troch. Mei it sloopgala soe ôfskied nommen wurde fan de âlde Lawei, mar der is temin belangstelling foar. Minsken koene meidwaan oan in sjyk diner en oanslutend de sloophammer fêsthâlde. Dêrmei stipen se de renovaasje fan it teater.

De stuollen binne nei tritich jier oan ferfanging ta, en der moat ek in nije flier komme. It is ek mooglik om in stoel te adoptearjen. De Lawei is mei in ferbouwing dwaande. Der komt in flakkeflierseal en in nij ynterieur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)