Webside foar skeameldings

23 apr 2014 - 17:05

Friezen mei skea troch de gas -en sâltwinning yn Fryslân, kinne ynkoarten by in spesjaal ynformaasjepunt terjochte. De provinsje komt mei in spesjale webside dêr't elkenien oer it ûnderwerp fragen stelle kin. It CDA kaam yn de steategearkomste fan 23 april mei de fraach nei sa'n ynformaasjepunt.

Steatelid Henk van der Veen seit dat it ûnderwerp in soad ûnrêst jout yn de mienskip. Hy ferwachtet dat de ynwenners fan foaral it noarden fan Fryslân ferlet fan sa'n stipepunt hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)