HZPC giet los yn Yndia

HZPC Holland, de wrâldlieder yn ierappelferedeling is mei in ûndernimming yn Yndia begongen. Dit hawwe se dien yn gearwurking mei Mahindra, in grut bedriuw op it gebiet fan lânbou mei in jieromset fan 16,7 miljard dollar. Neist de lokale rassen wurde yn earste ynstânsje 19 nije rassen taheakke dy't kweekt binne troch HZPC yn Mitselwier.
De fraach nei ierappels wurdt hieltyd grutter yn dit lân. De potinsje fan de gearwurking is dan ek grut. De Yndiaaske ierappelproduksje groeide tusken 2008 en 2013 fan 34,4 oant 42,5 miljoen ton.