Grûn Mildaam noch net skjin

De grûnsanearring by sealesintrum Hof van Schoterland yn Mildaam sil nei alle gedachten troch in nije oannimmer barre. Dat sei deputearre Sietske Poepjes by de steategearkomste yn it provinsjehûs. De oannimmer dy't no dwaande is, slagget der net yn de fersmoarging fuort te krijen. De grûn yn Mildaam is fersmoarge omdat der earder in benzinepomp en smidderij stiene.
De FNP makket him grutte soargen. De steatefraksje seit dat der skealike stoffen frijkomme, der soe al ien persoan troch út de tiid rekke wêze.
Neffens de fraksje klaaie de minsken oer in ûnferskillige behanneling troch de provinsje. Deputearre Sietske Poepjes bestriidt dat, mar se lûkt har de sitewaasje wol sa oan dat in nije oannimmer de sanearring mooglik oernimme sil.