It Bilt frijút yn ynfalsaak

Justysje © Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt hat ferline jier april goed hannele doe't amtners op it hiem fan in man yn Minnertsgea kamen. Reden dêrfoar wiene klachten dy't de gemeente krige fan buertbewenners oer stankoerlêst fan hûnen en hynders. De gemeente woe sjen oft de klachten wol of net terjochte wiene. De man woe net meiwurkje, wêrnei't boargemaster Krol in machtiging ta binnentreden ôfjoech.
De bistehâlder gie dêrtsjin yn berop by de rjochtbank dy't him gelyk joech. De Ried van Steat hat woansdei bepaald dat de gemeente wol yn syn rjocht stie.