Sport helpt jeugd oan in baan

23 apr 2014 - 14:27

De gemeente Ljouwert en sportkoepel NOC*NSF bondelje de krêften om jongeren oan in baan te helpen. Sportklup Cambuur is dêr al in oantal jierren súksesfol mei dwaande. Yn it Cambuurstadion binne woansdei de ôfspraken tusken de belutsen partijen tekene. De bedoeling is dat súksesfolle projekten, lykas by Cambuur, lanlik neifolging krije.

Talent Centrum Fryslân is ek sa'n foarbyld. Jongeren dy't krekt ôfstudearre binne, wurde holpen yn harren syktocht nei in baan.

Sportferienings yn Ljouwert sille tenei troch de gemeente en it UWV benadere wurde om jongeren oan in baan te helpen.

Trefwurden: 
SC Cambuur NOC*NSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)