It Baggerjen yn Grou útsteld

23 apr 2014 - 12:34
  • De haven fan Grou wurdt letter útbaggere

It baggerwurk yn de haven fan Grou is útsteld en sil pas nei de simmer úteinsette, omdat de Blieken troch tarre fersmoarge is. Dizze fersmoarging moat earst ûndersocht wurde. Dit is in tsjinslach foar guon wettersportûndernimmers, omdat de haven no te ûndjip is foar sylskippen. It wurk hie eins al foar de simmer klear wêze moatten.

De provinsje hat tasein dat it wurk wol klear is foar it seizoen 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)