Blog: Marne College yn aksje foar Jeffrey

Learlingen fan it Marne College yn Boalsert komme yn aksje foar Jeffrey en syn fuotbalmaten. Tegearre mei syn coach Foppe de Haan kaam Jeffrey nei de skoalle fan syn suske Cindy om te hearren hokker sponsoraksjes de learlingen betocht ha om jild yn te sammeljen foar it team fan Jeffrey. Dat jild sil stutsen wurde yn in nije outfit foar it team, dat aanst meidocht oan de Special Olympics. Tuskentroch lit Jeffrey syn coach Fopp de Haan witte dat hy graach mei nûmer 9 op it shirt spylje wol. Ek Klaas Jan Huntelaar en Dennis Bergkamp ha ea mei dat nûmer spile. ,,En dat wienen net de minsten’’, sa seit Foppe.