Gertjan Verbeek ûntslein

23 apr 2014 - 10:09

Gertjan Verbeek is ûntslein as trainer fan FC Nürnberg. Dat hat de klup út de Dútske Bundesliga woansdei bekend makke. De klup fan de Jobbegeaster trainer hat fan de lêste njoggen wedstriden acht ferlern en driget te degradearjen.

De eardere trainer fan SC Hearrenfean wie yn Nürnberg begûn nei't hy ein septimber ferline jier ûntslein wie by fuotbalklup AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)