Jubileum by Snitser teater

22 apr 2014 - 21:37
  • Teater Snits

It teater yn Snits ferwachtet meikoarten syn 100.000e besiker. It teater bestiet sûnt novimber 2012, it waard doe iepene troch keninginne Beatrix. De 100.000e besiker wurdt ferwachte by de foarstelling fan Ivo Niehe op 2 maaie. Dy set dan de lokkige yn it sintsje, ek krijt hy of sy in stel frijkaarten foar foarstellings fan takom jier.

Foar alle besikers fan de foarstelling is der in spesjaal wolkomsdrankje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)