Sail Harns hast op koers

22 apr 2014 - 21:33

De organisaasje fan Sail Harns siket noch frijwilligers. Foar it evenemint dat fan 3 oant en mei 6 july hâlden wurdt binne noch sa'n 100 ekstra minsken nedich. De organisaasje sjocht graach dat it om frijwilligers út Harns sels giet. De tarieding fan it evenemint leit fierder op skema, sa binne alle sylskippen boekt, binne de kosten mei help fan de gemeente dutsen en binne de draaiboeken opsteld. Tiisdei wie der in ynformaasjejûn foar de Harnzers. Dy hiene benammen noch fragen oer de berikberheid fan de stêd en it parkearen troch besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)