Fytser midden op dyk Hitsum

19 feb 2012 - 13:51

De plysje hat in fytser (55) yn Hitsum sneontenacht earste help ferliend. In foarbygonger seach de man midden op de Haadwei lizzen. It slachtoffer wie ferwûne oan de holle. Ambulânsepersoniel hat de man behannele en nei it Ljouwerter sikehûs brocht. Nei alle gedachten hie de man tefolle dronken en wie er dêrom fallen. It is net dúdlik hoelang oft er op 'e dyk lein hat.

Trefwurden: 
plysje ferwûne Hitsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)