Harnzer pieren nei wetterskip

22 apr 2014 - 20:45

Wetterskip Fryslân nimt de pieren yn de Suder- en Noarderhaven fan Harns oer fan de gemeente. Beide pieren beskermje de haven tsjin de hege weagen fan de Waadsee. It wetterskip krijt 1,2 miljoen euro fan de gemeente, dy is dêrnei net mear ferantwurdlik foar it ûnderhâld. De Suderpier is krekt opknapt, oan de Noarderpier moat noch it ien en oar dien wurde. Oer de tagonklikheid foar publyk op de pieren binne goeie ôfspraken makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)