Schuurmans makket trochstart

22 apr 2014 - 17:45

Schuurmans fjoerwurk makket in trochstart, dat hat de kurator bekend makke. It bedriuw waard yn jannewaris op eigen fersyk fallyt ferklearre. Neist Schuurmans jildt de trochstart ek foar Beko fjoerwurk, dat fan deselde eigener is. Dy eigener wol de bedriuwen no nij libben ynblaze, mei fiif fan de sechtjin wurknimmers. Mooglik wurde dat der op termyn mear.

Beide bedriuwen hawwe fêstigings yn Tiburg, op De Jouwer en yn Ljouwert. Mooglik wurdt dy lêste fêstiging noch oernaam troch in oar bedriuw, der hat him dêrfoar in tal kandidaten melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)